Nijs en Aktiviteiten
19 Desimber 2016

Nije projektlieders foar Tomkeprojekt

Ik bin Carolien ter Schuur en fan 2007 ôf bin ik by de Afûk projektlieder fan Tomke en VVE. Dit haw ik mei in protte wille en entûsjasme dien en ik fyn it geweldich om te sjen hoe’t Tomke útgroeid is ta san moai taal- en lêsprogramma. Om it noch fierder groeie te litten is it foar Tomke goed dat, nei njoggen jier, wer oare minsken mei deselde wille en likefolle entûsjasme hjirmei oan de slach gean. Iksels haw in protte nocht om in oare útdaging oan te pakken yn de foarm fan Heit&Mem. Tjitske van Dijk en Lisa Boersma sille foar de Afûk fierder gean mei de ûntwikkeling fan Tomke. Mear oer it Tomkeprojekt en de organisaasjes is te lêzen by 'Oer Tomke-kolofon' 

Dach Tomke!

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Folje de fragelist yn! Nei mear as 20 jier Tomke binne wy hiel benijd nei jim ûnderfingen mei it Frysk. Hat Tomke fan ynfloed west op it brûken fan it Frysk? Jim as âlders kinne ús helpe om dy fraach te beäntwurdzjen. Folje de fragelist yn ...

Fan 6 o/m 9 juny is it wer safier: de Fryske Foarlêswike! Docht jim pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw ek mei? In foarlêzer yn de groep en fansels it nije Tomke-temaboekje fergees derby. It tema fan it boekje is dit jier ‘Tomke troch it jier’, oer seizoenen. Mei Tomke en ...

Der is in nije poppekastfoarstelling oer Tomke. Yn ‘Tomke en it wûnderaai!’ belibje Tomke en Romke wer in spannend aventoer yn de poppekast.   Tomke en it wûnderaai! It is maitiid yn it túntsje fan Kornelia, Tomke en Romke. Dan komt der in frjemde figuer ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2016 te downloaden. - Tomke jierferslach 2016 - Frysk - Tomke jaarverslag 2016 - ...

Fan febrewaris ôf is de aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ ek beskikber foar gastâlderopfang. Yn de aktiviteitemap steane in hiel soad suggestjes foar aktiviteiten om mei bern fan 0-4 jier mei it Frysk oan de slach te gean. In ferskaat oan ferhaaltsjes, ferskes en ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!