Nijs en Aktiviteiten
31 July 2017

Simmer

It Tomke-ûndersyk is sluten. Hast 400 minsken hawwe reagearre op ús oprop om de fragelist yn te foljen. Tankewol dêrfoar! Wy binne hiel benijd nei de útkomsten fan it ûndersyk. Sa gau ’t wy mear witte, sille wy it mei jim diele. Dan sille wy ek de winners fan it Tomke-feest en it Tomke-pakket bekend meitsje. Foar no winskje wy jim in hiele moaie simmer. Wa wit wol mei it Fryske Zappelin Fakânsjeboek op de achterbank!

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Folje de fragelist yn! Nei mear as 20 jier Tomke binne wy hiel benijd nei jim ûnderfingen mei it Frysk. Hat Tomke fan ynfloed west op it brûken fan it Frysk? Jim as âlders kinne ús helpe om dy fraach te beäntwurdzjen. Folje de fragelist yn ...

Fan 6 o/m 9 juny is it wer safier: de Fryske Foarlêswike! Docht jim pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw ek mei? In foarlêzer yn de groep en fansels it nije Tomke-temaboekje fergees derby. It tema fan it boekje is dit jier ‘Tomke troch it jier’, oer seizoenen. Mei Tomke en ...

Der is in nije poppekastfoarstelling oer Tomke. Yn ‘Tomke en it wûnderaai!’ belibje Tomke en Romke wer in spannend aventoer yn de poppekast.   Tomke en it wûnderaai! It is maitiid yn it túntsje fan Kornelia, Tomke en Romke. Dan komt der in frjemde figuer ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2016 te downloaden. - Tomke jierferslach 2016 - Frysk - Tomke jaarverslag 2016 - ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!