Nijs en Aktiviteiten
9 Oktober 2017

Tiid foar berneboeken

Foar Fryske berneboeken is it fansels altyd in goeie tiid, mar yn de Fryske Berneboeketiid is der ekstra oandacht foar. It tema fan de Berneboekewike is ‘Grizelje. Grouwélich eng!’ (NL: Griezelen. Gruwelijk eng!). Spannende ferhalen steane sintraal. Ek foar pjutten binne der spannende boeken. Tink mar oan
De Gruffalo’,
Wy geane hjoed op bearejacht’ en
Der leit in krokodil ûnder myn bêd’.

Spesjaal foar de Berneboekewike is der in foarlêspakket makke. Mei spannende Tomke-ferhaaltsjes, aktiviteiten by it tema en opsisferskes. Nijsgjirrich? Klik hjir!

Op snein 15 oktober is yn Terherne wer de Berneboekedei. Fan 13.00 - 17.00 oere binne der op ferskate lokaasjes yn it doarp aktiviteiten te finen yn it tema fan de Berneboekewike. Foar alle leeftiden is der wat te dwaan en it is hielendal fergees! Tomke is dêr ek.

Klik hjir foar it programma fan de berneboekedei.
Sjoch op www.berneboekedei.frl of www.kinderboekendag.nl foar mear ynformaasje.

Sjogge wy jim yn Terherne?

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
It Tomke-ûndersyk is sluten. Hast 400 minsken hawwe reagearre op ús oprop om de fragelist yn te foljen. Tankewol dêrfoar! Wy binne hiel benijd nei de útkomsten fan it ûndersyk. Sa gau ’t wy mear witte, sille wy it mei jim diele. Dan sille wy ek de winners fan ...

Folje de fragelist yn! Nei mear as 20 jier Tomke binne wy hiel benijd nei jim ûnderfingen mei it Frysk. Hat Tomke fan ynfloed west op it brûken fan it Frysk? Jim as âlders kinne ús helpe om dy fraach te beäntwurdzjen. Folje de fragelist yn ...

Fan 6 o/m 9 juny is it wer safier: de Fryske Foarlêswike! Docht jim pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw ek mei? In foarlêzer yn de groep en fansels it nije Tomke-temaboekje fergees derby. It tema fan it boekje is dit jier ‘Tomke troch it jier’, oer seizoenen. Mei Tomke en ...

Der is in nije poppekastfoarstelling oer Tomke. Yn ‘Tomke en it wûnderaai!’ belibje Tomke en Romke wer in spannend aventoer yn de poppekast.   Tomke en it wûnderaai! It is maitiid yn it túntsje fan Kornelia, Tomke en Romke. Dan komt der in frjemde figuer ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!