Nijs en Aktiviteiten
13 April 2017

‘Tomke en it wűnderaai!’

Der is in nije poppekastfoarstelling oer Tomke. Yn ‘Tomke en it wûnderaai!’ belibje Tomke en Romke wer in spannend aventoer yn de poppekast.

 

Tomke en it wûnderaai!

It is maitiid yn it túntsje fan Kornelia, Tomke en Romke. Dan komt der in frjemde figuer yn it túntsje. In professor. Hy hat in útfining dien. Gjinien mei der fan witte. Mar as hy him gau ferstopje moat lit hy de útfining yn it túntsje lizze. Romke ûntdekt wat nuvers yn de tún. In aai dat prate kin en ek noch muzyk makket. Fan wa is dat aai? En hoe krijt de professor syn útfining werom?

Poppespiler Eric fan Erics Poppenkast spilet de foarstelling dit foarjier yn ferskate biblioteken yn Fryslân. Mar der is noch wat romte yn syn skema. Wolle jim ‘Tomke en it wûnderaai!’ by jim spylje litte? Nim dan kontakt op en wa wit komt de Tomkepoppekast wol by jim!

Foar mear ynformaasje en reservearringen, nim kontakt op mei Janneke Straatsma fan de BSF.
telefoan: 058 - 284 77 21
e-mail: j.straatsma@bfrl.nl

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
De kachel en de kearskes oan en fansels de krystbeam fersiere! 'Kryst' is in gesellich tema om mei de bern ferskes te sjongen en te nifeljen. Bernesintra --> ...

Der binne wer hagelnije útstjoerings fan Tomke op Omrop Fryslân! Oer hjerst, oer Sint Marten, oer Sinteklaas en Kryst en noch folle mear! Fan 8 novimber oant 8 desimber alle wurkdagen om 17.45 oere. Sjogge jim ek ...

Hy komt, hy komt...! Sille jim ek de skoech ek sette? Printsje hjir in moaie bouplaat fan in skuontsje, kleurje dy moai op, plak ’m yninoar en sjonge mar! Bouplaat skoech Wa wit bringt Sinteklaas jim it boekje ‘Wolkom Sinteklaas’ wol! Dat is in nij Tomke-boekje, spesjaal ...

Foar Fryske berneboeken is it fansels altyd in goeie tiid, mar yn de Fryske Berneboeketiid is der ekstra oandacht foar. It tema fan de Berneboekewike is ‘Grizelje. Grouwélich eng!’ (NL: Griezelen. Gruwelijk eng!). Spannende ferhalen steane sintraal. Ek foar pjutten binne der ...

It Tomke-ûndersyk is sluten. Hast 400 minsken hawwe reagearre op ús oprop om de fragelist yn te foljen. Tankewol dêrfoar! Wy binne hiel benijd nei de útkomsten fan it ûndersyk. Sa gau ’t wy mear witte, sille wy it mei jim diele. Dan sille wy ek de winners fan ...
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!