Nijs en Aktiviteiten
7 Septimber 2016

Tomke fiert feest! - Frysk taalprogramma bestiet 20 jier

Tomke, it Fryske taalprogramma foar pjutten fiert dit jier har 20 jierrich bestean! Tomke is yn dy 20 jier útgroeid ta miskien wol de meast ferneamde pjut fan ús provinsje. De hûnderten aventoeren fan Tomke, Romke, Yana Yu en Kornelia ha al foar in soad noflike (foar)lêsmominten soarge. En dat wurdt fierd. Fan 19 o/m 24 septimber binne der allerhanne aktiviteiten om Tomke hinne. Tink dêrby oan it fergees foarlêsboekje mei cd yn de Fryske biblioteken, win aksjes op de webside en FB-side en alle dagen bysûndere Tomke- ôfleveringen op Omrop Fryslân.

 

Spesjaal foar it 20 jierrich bestean diele alle Fryske biblioteken yn dy wike it Tomke-boekje ‘in dei mei Tomke’ mei cd út. In boekje mei moaie aventoeren fan Tomke en in cd mei mar leafst 11 lietsjes en 2 opsisferskes.

Der is yn dizze wike ek fan alles te dwaan en te winnen op de webside www.tomke.nl en de FB side www.facebook.com/tomkepagina fan Tomke. Kinst ûnder oare in taart nifelje en moaie prizen winne. Bygelyks in super grutte Tomke-knuffel, boek of hânpop.

Fan 19 o/m 23 septimber kinne bern hast de hiele dei genietsje fan Tomke op de telefyzje. Omrop Fryslân stjoert dan alle dagen fan 9.00 – 13.00 oere en fan 16.00 – 17.00 oere Tomke út. It binne bysûndere ôfleveringen, want it binne kompilaasjes fan de earste begjinjierren fan Tomke, makke troch Feije van der Meer.

Sjoch ek de lêste feestlike nijsbrief fan Tomke!

Mear oer Tomke
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en professionals ynformearje oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it deistich bestean fan jonge bern. Foarlêze, lietsjes sjonge, taalspultsjes en omtinken foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Bern dy’t harren memmetaal goed behearskje kinne makliker in oare taal leare.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------      

Foar mear ynformaasje oer:

- Oer it Tomke-boekje yn de Biblioteken: Gertrud Palstra, adviseur meartaligens, kennissintrum BSF fia g.palstra@bfrl.nl of 058 2847723 / 06 20496847

- Oer de winaksjes op de webside en FB-side: Dieuwke van der Meer fia d.vandermeer@afuk.nl of 058 2343070

- Oer de Tomke-útsjoerings: Thea van der Schaaf fia Thea.vanderschaaf@omropfryslan.nl of 058 - 2997799

 

Tomke viert feest!

Tomke, het Friese taalprogramma voor peuters viert dit jaar haar 20 jarig bestaan! Tomke is inmiddels uitgegroeid tot misschien wel de meest bekende peuter van onze provincie. De honderden avonturen van Tomke, Romke, Yana Yu en Kornelia hebben al voor veel plezierige (voor)leesmomenten gezorgd. En dit wordt gevierd! Van 19 t/m 24 september zijn er allerlei activiteiten rondom Tomke. Denk aan een gratis voorleesboekje met cd in de Friese bibliotheken, winacties op de website en FB-pagina en iedere dag bijzondere Tomke-afleveringen op Omrop Fryslân.

 


Speciaal voor het 20-jarig bestaan delen alle Friese bibliotheken in deze week een Tomkeboekje ‘In dei mei Tomke’ met cd uit. Een boekje met mooie avonturen van Tomke en een cd met maar liefst 11 liedjes en twee opzegversjes.

Er is in deze week ook van alles te doen en te winnen op de website www.tomke.nl en de FB-pagina van Tomke (facebook.com/tomkepagina). Je kunt onder andere een Tomke-taart knutselen en mooie prijzen winnen. Bijvoorbeeld een super grote Tomke-knuffel, boek of handpop.

Van 19 t/m 23 september kunnen kinderen bijna de hele dag genieten van Tomke op televisie. Omrop Fryslân zendt dan iedere dag van 9.00 – 13.00 uur en van 16.00 – 17.00 uur Tomke uit. Het zijn bijzondere afleveringen, want het zijn compilaties van de eerste beginjaren van Tomke, gemaakt door Feije van der Meer.

Zie ook de laatste feestelijke nieuwsbrief van Tomke!

Meer over Tomke
Tomke is een voorlees- en taalstimuleringsprogramma in het Fries voor peuters. Het project wil ouders en professionals informeren over het gebruik van de Friese taal in de omgang met jonge kinderen. Voorlezen, liedjes zingen, taalspelletjes en aandacht voor dagelijkse zaken zijn belangrijk voor alle talen, dus ook voor het Fries. Kinderen die hun moedertaal goed beheersen kunnen makkelijker een andere taal leren.

----------------------------------------------------------------------------------------------------

Voor meer informatie over:

 

·         Over het Tomkeboekje in de Bibliotheken: Gertrud Palstra, adviseur meertaligheid, kenniscentrum BSF via g.palstra@bfrl.nl of 058 2847723 / 06 20496847

·         Over de winacties op de website en FB-pagina: Dieuwke van der Meer (Afûk) via d.vandermeer@afuk.nl of 058 2343070

·         Over de Tomke-marathon: Thea van der Schaaf (Omrop Fryslân) via Thea.vanderschaaf@omropfryslan.nl of 058 – 2997799

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Tomke bestiet dit jier 20 jier en dêrom fiere wy fan 19 oant en mei 24 septimber feest! Wolsto ek sa graach dizze moaie grutte Tomke fan sa'n 80 sm winne? Foar op it pjutteboartersplak, op de berne-opfang of gewoan foar op de sliepkeamer fan dyn pjut? Meitsje dan in moaie ...

Jim komme dochs ek? Oankommende woansdei 21 septimber by Tryater yn Ljouwert de 'Tomke 20 jier ynspiraasjejûn foar pedagogysk meiwurkers'. Mei in hiel ynspirearjend programma: - ynteraktyf mei taal- en printeboeken - selfstjoering by jonge bern - jonge bern en ...

It hat bliken dien dat de hierkes op de holle fan de Tomke-pop maklik losreitsje as se wiet wurde of as der oanlutsen wurdt. Dat kin ta ûnfeilige situaasjes liede. Wy advisearje dêrom: - om jo bern jonger as 3 jier net mei de pop boartsje te litten en/of allinne ûnder ...

TOMKE EN DE TAARTFÛGEL   Tomke hat syn jierdei en by in jierdei heart fansels in taart. Mar der ferdwine hieltyd stikjes fan de taart. Wa docht dat? Is der in dief yn ‘e buert? Tomke, Romke en Kornelia geane op boevejacht. Nei 26 foarstellingen yn biblioteken ...
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!