Nijs en Aktiviteiten
16 Novimber 2017

Wolkom Sinteklaas!

Hy komt, hy komt...! Sille jim ek de skoech ek sette? Printsje hjir in moaie bouplaat fan in skuontsje, kleurje dy moai op, plak ’m yninoar en sjonge mar!

Bouplaat skoech

Wa wit bringt Sinteklaas jim it boekje ‘Wolkom Sinteklaas’ wol! Dat is in nij Tomke-boekje, spesjaal foar Sinteklaas. Mei ferhaaltsjes, ferskes, kleurplaten en spultsjes. It Tomke-skoechboekje is te krijen by de boekhannels en te bestellen yn de websjop fan de Afûk: www.afuk.nl/tomke

Wolle jim mei jim hiele pjutte-opfang skoechsette? Dan hawwe wy in moaie aksje: mail nei ynfo@tomke.nl foar mear ynformaasje!
 

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Der komme wer nije Tomke-útstjoeringen oan! Fan 1 o/m 19 oktober belibbet Tomke alle dagen nije aventoeren mei Romke, Kornelia, Yana Yu en mei al syn oare lytse en grutte freontsjes. De nije útstjoeringen binne te sjen by Omrop Fryslân yn it nije programma ...

De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk. Fan woansdei 29 augustus ôf binne de Biltske Tomke-ferhaaltsjes wykliks te lêzen yn de Bildtse Post. ...

Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?   Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2017 te downloaden. Tomke jierferslach 2017 - Frysk Tomke jaarverslag 2017 - ...

Dat Tomke in soad brûkt wurdt op bernesintra wisten wy al, mar is Tomke ek bekend by de âlders fan pjutten yn Fryslân?   Ja! Docht bliken út ûndersyk dat Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân dien litten hat nei de ûnderfining mei en de ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!