1 jier


Dyn bern:
  • seit syn earste wurdsjes of makket it losse, wurdeftige lûden
  • docht aktyf mei oan in petear, benammen mei lichemstaal
  • begrypt folle mear as dat it sizze kin. Begryp komt altiten earder as spraak
  • by ± 1½   jier praat hy/sy meastal yn sintsjes fan ien wurd. Earst komme de haadwurden, dan de tiidwurden.
  • kombinearret wurdsjes ta sintsjes fan twa wurden, lykas “Net sliep” en “Heity sliep”

TIPS:

Jou it bern de tiid

It is folslein normaal dat in bern it praten wat útstelt wylst it syn wurdskat opbout en fergruttet; dat is de ‘faze fan it sammeljen’ en dy komt foar de ‘wurde-eksploazje’. Twatalige bern binne wurden en begripen fan 2 talen oan it sammeljen dat kostet soms wat mear tiid.

Jou útlis

Jim bern is tige benijd nei alles wat der om him hinne bart. It wiist faak nei dingen dy ’t flakby binne en wol dan witte wat dat is of hoe’t it hjit. Beneam de dingen en jou ienfâldige útlis.

Werhelje wurdsjes dy ’t dyn bern seit

Folje de sintsjes fan ien of twa wurdsjes oan.
Besjoch tegearre boekjes en lês printeboekjes mei dúdlike, ienfâldige ferhaaltsjes. Soargje derfoar dat dyn bern de boekjes sels beet pakke kin.


                                                                                                                                              NL
Jouw kind:
  • zegt zijn eerste woordjes of maakt het losse woordachtige klanken
  • neemt actief deel aan een gesprek, vooral met lichaamstaal
  • begrijpt veel meer woordjes dan het kan zeggen.  Begrip komt altijd eerder dan spraak
  • bij 1 ½  jaar spreekt het meestal in éénwoordzinnetjes. Eerst komen de elfstandige naamwoorden, daarna de werkwoorden
  • combineert woordjes tot tweewoordzinnetjes, zoals “Niet slaap” en “Pappa slaap”

TIPS:

Geef het kind de tijd

Het is volstrekt normaal dat een kind het praten wat uitstelt terwijl het zijn woordenschat verzamelt en vergroot; we noemen dit de ‘verzamelfase’ en deze gaat vooraf aan de ‘woordexplosie’. Tweetalige kinderen zijn  woorden en begrippen van 2 talen aan het verzamelen, dat kost soms wat meer tijd.

Geef uitleg

Jullie kind is uiterst nieuwsgierig naar alles dat rondom hem gebeurt. Het wijst vaak naar iets in de directe omgeving en wil weten wat het is of hoe het heet.

Benoem de dingen en geef eenvoudige uitleg

Herhaal woordjes die je kind zegt. Vul de één- of tweewoordzinnetjes aan. Bekijk samen babyboekjes en lees plaatjesboeken met duidelijke, eenvoudige verhaaltjes. Zorg dat het kind boekjes voor het grijpen heeft en lees soms voor.

Klik hier voor de folder 'Talen kleuren je leven'

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!