4 jier

Dyn bern: 
  • De basisfeardichheden binne yntusken oanwêzich en it bern begrypt it measte fan wat hy of sy heart. As it bern twatalich opfieden wurdt, begrypt it bern hast alles yn beide talen.
  • It bern jout oeral kommentaar by en syn petearfeardichheden wurde grutter.
  • It bern makket himsels kwa taal frij fan it hjir en it no; it kin ek prate oer wat der al bard is of noch barre sil.
  • Stikje by bytsje ûntstiet it taalbewustwêzen – it ferskil meitsje kinne tusken foarm en betsjutting fan in wurd.
  • It bern hat ynteresse foar letters en tekst.
  • De dreechste klanken fan de taal binne miskien noch net oanwêzich.

Tips:

Taalspultsjes spylje 

Doch taalspultsjes; rymkes, riedseltsjes en mopkes liene har dêr goed foar.

Meitsje foarlêzen ûnderdiel fan dyn deistige rûtine

As jim bern nijsgjirrich is nei letters, brûk dan ris sa’n moai ABC - boekje mei aardige rymkes en prikkeljende plaatsjes. Ast gjin printeboekjes brûkst, kin dyn bern ek meiharkje wylsto lûdop foarlêst. Lês ek Fryske boeken foar! Der binne ek leuke digitale boeken.

Stel iepen fragen

Harkje goed nei wat it bern seit en stimulearje it petear troch iepen fragen te stellen, lykas: “Wat bedoelste?”, “En doe?”, “Wat sei er doe?”, “Wa wie dat?” Betink dat wy, folwoeksenen, wend binne om it wurd te fieren.
 


Jouw kind: 
  • De basistaalvaardigheden zijn inmiddels aanwezig en het kind begrijpt het meeste  van wat hij of zij hoort. Als het kind tweetalig wordt opgevoed, begrijpt het kind bijna alles in beide talen.
  • Het kind geeft overal commentaar bij en zijn gespreksvaardigheden nemen  toe.
  • Het kind maakt zichzelf qua taal vrij van het hier en nu; het kan ook praten over wat al is gebeurd of nog gaat gebeuren.
  • Stukje bij beetje ontstaat het taalbewustzijn – het verschil kunnen maken tussen vorm en betekenis van een woord.
  • Het kind heeft interesse in letters en tekst.
  • De moeilijkste klanken van de taal zijn misschien nog niet aanwezig.

 

Tips:

Taalspultsjes spylje  

Doe taalspelletjes; rijmpjes, raadseltjes en mopjes lenen zich hier goed voor.

Maak voorlezen onderdeel van je dagelijkse routine

Als je kind nieuwsgierig is naar letters, gebruik dan eens een van de vele leuke ABC - boeken met aardige rijmpjes en prikkelende plaatjes. Als je geen plaatjesboekjes gebruikt kan je kind ook meeluisteren terwijl je luidop voorleest. Lees ook Friese boeken voor! Er zijn ook leuke digitale boeken.

Stel open vragen

Stimuleer het gesprek door open vragen te stellen, zoals: “Wat bedoel je?”, “En toen?”, “Wat zei hij toen?”, “Wie was dat?” Onthoud dat wij, volwassenen, gewend zijn het woord te voeren.

 

Kijk op de taalgroeimeter voor meer informatie.
 

Klik hier voor de folder 'Talen kleuren je leven' 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!