6-12 moanne

 
Dyn bern:
  •  reagearret op syn namme
  • brabbelet en foarmet klanken lykas ga-ga, da-da, ma-ma-ma,  begjint al op klanken fan taal te lykjen.
  • begrypt it ferskil tusken in fêststelling (“Ja, dat is in boekje, hiel goed!”) en in fraach (“Wolst in boekje lêze?”)
  • docht oan mimyk en  imitearret, docht lûden nei fan folwoeksenen, lykas it kuchelje.

TIPS:

Praat tsjin jim bern, fertel watst dochst

Bygelyks ast him of har ferskjinnest. Fertel en sjong oer de lichemsdielen fan dyn poppe of oer de dingen dêr’t dyn bern nei sjocht.

 

Doch kiekeboe spultsjes

Bern binne sljocht op kiekeboe en ‘ik sjoch ik sjoch watsto net sjochst’-eftige spultsjes, op rymkes of op fingerpopkes. Ienfâldige rymkes en ferskes stimulearje by dyn bern no al de taalûntwikkeling. Sjoch ek de Tomke fingerpopkes en de Tomke hânpop

Jou poppeboekjes (babyboekjes)

Jou dyn poppe boekjes fan sterk materiaal mei dúdlike plaatsjes mei in protte kontrast, lit dyn bern dermei boartsje, deryn sjen of der sels op kôgje. Wiis dingen oan, beneam se en praat oer
it boartersguod. Kies boekjes út dy’tst sels ek aardich fynst.

 


                                                                                                                                             NL
Jouw kind:
  • reageert op zijn naam
  • brabbelt en vormt klanken zoals ga-ga, da-da, ma-ma, begint soms al wat op klanken van taal te lijken
  • begrijpt het verschil tussen een vaststelling (“Ja, dat is een boekje, heel goed!”) en een vraag (“Wil je een boekje lezen?”)
  • oefent zijn mimiek, imiteert, doet geluiden na die volwassenen maken, zoals kuchen
     

TIPS:

Praat tegen jullie kind, vertel wat je doet

Bijvoorbeeld wanneer je hem of haar verschoont. Vertel en zing over de lichaamsdelen van je baby of over de dingen waar je kind naar kijkt.

 

Doe Kiekeboe spelletjes

Kinderen zijn dol op kiekeboe en ‘ik zie ik zie wat jij niet ziet’-achtige spelletjes, op rijmpjes of op vingerpoppetjes. Eenvoudige rijmpjes en liedjes stimuleren de taalontwikkeling van je kind. Zie ook de Tomke fingerpopkes en de Tomke hânpop

 

Geef babyboekjes

Geef je baby boekjes van sterk materiaal met duidelijke, sterk contrasterende plaatjes; laat je kind ermee spelen, ze bekijken of er zelfs op kauwen. Wijs dingen aan, benoem ze en praat over het speelgoed. Kies boekjes uit die je zelf ook leuk vindt.


                                                                                        Tips hoe lezen met baby's? Klik hier
                                                                                        Klik hier voor de folder 'Talen kleuren je leven' 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!