Foar de berte

Dyn bern:
  • werkent lûden
  • krijt al gefoel foar taalritme

Taalûntwikkeling by jonge bern giet eins fansels. Dochs is it goed om dêr no al oer nei te tinken!

Taalûntwikkeling begjint al foar de berte.  By de berte ha alle bern yn prinsipe it fermogen fan taallearen, al is it iene bern wol taalgefoeliger as it oare. Dêrneist bepale de taalynput en taalomjouwing de fierdere groei en ûntwikkeling fan dy taal– dat jildt foar ientalige of in twatalige gesinnen, hokker talen dan ek brûkt wurde troch de heit en/of mem.
 


TIPS:

Praat en sjong tsjin jim poppe foardat jim poppe berne is

Yn ‘e búk fan de mem, sadree it gehoar ûntwikkele is, begjint it bern de lûden en stimmen te werkennen en al te reagearjen op lûd. Undersyk toant oan dat it bern kalm wurdt fan it praten en sjongen fan syn mem.

Tink nei oer de talen dy ’t jimme jim bern bybringe wolle

Hokker taal/talen biede jim it bern? Hokker talen prate de minsken yn de direkte omjouwing? Sjoch foar de tip taalôfspraken by 0-3 moanne.
As jim beiden in oare memmetaal hawwe, en jim wolle dat jim bern beide talen goed leart, dan kinne jim it bêste daliks fan it begjin ôf elk konsekwint de eigen taal tsjin it bern brûke.

Ekstra tip foar twatalige húshâldings: hâld fêst oan dyn eigen memmetaal. Dus asto Frysk praatst en dyn partner Nederlânsk, praat dan ek dyn memmetaal tsjin elkoar en skeakelje net automatysk oar op it Nederlânsk. Dat kin earst wat nuver fiele, mar it soarget der wol foar dat foar it bern it ûnderskied tusken de talen noch dúdliker wurdt en it Frysk net ferlen giet.

Sjoch ek op de taalgroeimeter foar mear ynformaasje.


                                                                                                                                                          NL

Jouw kind:
  • herkent geluiden
  • krijgt al gevoel voor taalritme

Taalontwikkeling van jonge kinderen gaat eigenlijk vanzelf. Toch is het goed om er nu al over na te denken!

Taalontwikkeling begint al voor de geboorte. Bij de geboorte hebben alle kinderen het vermogen van taalverwerving, al is het ene kind wel taalgevoeliger dan het andere. Daarnaast bepalen de taalinput en taalomgeving de verdere groei en ontwikkeling van die taal– dat geldt voor eentalige of een tweetalige gezinnen, welke talen er dan ook gebruikt worden.

 


TIPS:

Praat en zing tegen je ongeboren kind

In de buik van de moeder, zodra het gehoor ontwikkeld is, begint  de baby de geluiden en stemmen te herkennen en al op geluid te reageren. Onderzoek toont aan dat het kind kalm wordt van het praten en zingen van zijn moeder.

•  Denk na over de talen die jullie je kind bij willen brengen

Welke taal/talen bieden jullie je kind? Welke talen spreken de mensen in de directe omgeving? Kijk voor de tip  taalafspraken maken bij 0-3 maanden.
Als jullie verschillende moedertalen hebben en jullie willen dat je kind beide talen goed leert, dan kunnen jullie het beste vanaf het begin ieder consequent je eigen taal tegen het kind praten.

Extra tip voor tweetalige gezinnen: houd vast aan je eigen moedertaal. Dus als jij Fries spreekt en je partner Nederlands, praat dan ook in je eigen taal tegen elkaar en schakel niet automatisch over op het Nederlands. Dan kan eerst wat vreemd voelen, maar het zorgt er wel voor dat het onderscheid tussen de talen nog duidelijker wordt voor het kind en het Fries niet verloren gaat. 
 

Willen jullie je kind meertalig opvoeden?  
                                                          
                                                            Klik hier voor de folder 'Talen kleuren je leven'                                
                                                            Klik hier voor tips uit de heit en mem gids.
                                                                  
                                                           Klik hier voor info over meertalig opvoeden.
 
                                                           Klik hier voor een filmpje.
                                                          
Kijk op de taalgroeimeter voor meer informatie.

 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!