Doch mear mei Tomke

'Doch mear mei Tomke'

'Doch mear mei Tomke' is in map fol ynspiraasje foar liedsters fan bern fan 0 - 4 jier. 'Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. By de map sitte praatplaten by alle tema’s, deiritmekaarten en in cd mei ferskes.

Al pratende, lêzende, sjongende, dûnsjende, boartsjende en nifeljende wurdt oan de hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. 

De map is troch pjutteboarterplakken en bernesintra te bestellen by de Afûk. Wa't de map ophellet by de Afûk boek- en kadowinkel krijt de map fergees mei. Opstjoere kin ek, dat kostet €10 it pakket. Yn desimber 2016 hawwe alle pjutteboartersplakken en bernesintra in ynformaasjeposter krigen mei dêrby in bestelkaart. Hawwe jo de poster mist, nim dan kontakt op fia de kontaktpagina
Foar gastâlders komt de map fan febrewaris 2017 ôf beskikber. 


Downloads 'Doch mear mei Tomke'

Hjir binne de ekstra materialen te finen dy't oanslute by de aktiviteiten yn de map. Alderbrieven binne te finen by 'Nei de tema's'. Om in deiboekje foar Tomke te meitsjen as hy útfanhûs giet, binne materialen te finen by 'Nei it Deiboekje fan Tomke'. Sjoch foar Tomke-poppekastferhalen by 'Nei de poppekastferhalen.

Nei de tema's

Nei it deiboekje fan Tomke

Nei de poppekastferhalen

Nei ekstra deiritmekaarten

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!