Materialen

Lęsbrief ‘De Kleine Walvis’

 

Nationale Voorleesdagen

 

Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en it prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern.

It printeboek fan it jier is dit jier ‘De kleine walvis’
fan Benji Davies. It giet oer it jonkje Boy, dy’t him
allinne fielt en in bysûnder freontsje fynt op it strân.

Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar yn
de lêsbrief is in Fryske oersetting fan it printeboek opnommen, sadat liedsters dit prachtige printeboek dochs yn it Frysk foarlêze kinne. Fieder stiet der yn de lêsbrief in kar oan aktiviteiten dy’t allegear oanslute by it printeboek.

Pjutteboartersplakken, bernesintra en gastâlders dy’t by ús bekend binne hawwe de lêsbrief mei de post krigen. Hawwe jo de lêsbrief net krigen?

Klik hjir om nei de pdf fan de lêsbrief ‘De Kleine Walvis’ te gean.

Wolle jo yn de takomst ek de post fan Tomke yn de brievebus krije? Stjoer ús dan in mail mei de gegevens fan jo pjutteboartersplak, bernesintrum of gastâlderopfang.

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7
Sille jim skoech sette? Printsje en kleurje dit skuontsje Set it skuontsje yn inoar en sjonge mar! Bouplaat ...

Mei dizze fleurige lampions binne jim hielendal klear foar Sint Marten! Printsje de pdf fan de lampionnen út, plak 'm fêst efter it rút en lûk de tekening oer mei in rútstift of in tinne streek plakkaatferve. lampion 1 lampion ...

It tema fan de berneboekewike is ‘Grizelje. Grouwélich eng!’ (NL: ‘Griezelen. Gruwelijk eng!’). Spannende Tomke-ferhaaltsjes, opsisferskes en aktiviteiten by dit tema steane yn it spesjale ...

Mei dizze fleurige rúttekeningen komme jim hielendal yn de sfear fan de hjerst! Printsje de pdf út, plak 'm fêst efter it rút en lûk de tekening oer mei in rútstift of in tinne streek ...

Mei dizze fleurige rúttekeningen binne jim hielendal klear foar de simmer! Printsje de pdf út, plak 'm fêst efter it rút en lûk de tekening oer mei in rútstift of in tinne streek plakkaatferve. amer en skep sinnebril draak / ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!