Nei de bisten

Tomke boartet hjoed mei Romke
op de bernebuorkerij.
Yn de stâl meie se helpe
by it fuorjen fan de kij.
As se by de fûgels binne,
sjogge se in moaie pau.
'Waf', blaft Romke as dy pronket.
Tomke ropt ferwûndere: 'Wau!'.
Yn it sleatsje swimme einen.
Sjoch, der binne lytskes by.
Tomke ropt: 'Kom hjir mar, eintsjes.
Jimme krije wat fan my.'
Romke seurt: 'Ik ha sa'n honger.
Meie wy in koekje ha?'
'Earst de geitsjes bôle bringe.
Kom mar,' seit Kornelia.
Tomke jout de geitsjes bôle.
Hy smyt stikjes oer it stek.
Romke net, hy proppet alles
lekker yn syn eigen bek.
Op!' blaft Romke, 'dat wie lekker!'
'Doerak!' bromt Kornelia
'Hast dyn búkje fol mei bôle.
No meisto gjin koekje ha.'
Tomkes sit tusken de knyntsjes,
aait in lytske oer de snút.
Dan komt Romke der oandraven
en de kninen naaie út.
Tomke rop: 'Hjir lizze dropkes!'
'Lizze litte, Tomke, ba!'
Want it binnen lytse keutels.
Rûk mar', seit Kornelia.
Romke sjocht twa grouwe bargen
rolleboljen yn 'e drek.
Hy wol ek wol lekker bargje
en springt, hopla, oer it stek.
Tomke wol syn hûntsje pakke,
mar glydt yn de blubber út.
Dêr leit Tomke njonken Romke
en... njonken in bargesnút.
Kornelia sjocht se dêr lizzen.
Allegearre poer-, poerswart.
En se seit: 'Mar gau nei hûs ta.
Jimme moatte yn it bad.'
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop