Tomke utfanhûs

Op it bêd dêr stiet in koffer
Mei in grutte Mickey Mûs.
Tomke docht de koffer iepen.
Want hy sil hjoed útfanhûs.
Tomke mei de koffer fol dwaan.
‘Toe mar’, seit Kornelia.
‘Himdsje, broekje, dyn pyama.
Wolst dyn koesbear ek mei ha?’
Tomke leit Bear yn ’e koffer.
Op ’e kast sit Hessel knyn.
Dy kin hy net achterlitte.
Hy giet ‘hup’ de koffer yn.
De sjiraf, de lytse aapkes,
ek it skiep mei wite wol,
Rob de seehûn en it barchje.
Oeps! De koffer rekket fol!
Pyp de mûs, Igor de ezel,
noch mear krûpers moatte mei.
Tomke ropt: ‘No wol ik fuort, hear.
Yana Yu wachtet op my.’
Yana Yu stiet al te swaaien.
‘Goeie’, seit Kornelia.
‘Tomke mei fannacht hjir bliuwe.
Ik moat wer nei Romke ta.’
‘Wat sil ik foar lekkers meitsje?’,
freget Yana Yu har mem.
Tomke ropt: ‘Ik wol in pankoek.
Ien mei sjerp en ien mei sjem.’
Tomke kin him sels útklaaie.
Toskjes poetse kin hy ek.
’t Bedsje is hiel oars as sines.
En it rûkt in bytsje ‘gek’.
Tomke fielt him wat allinne.
Koesbear! Hy hat koesbear net!
Yana Yu wol him wol helpe.
Gau de koffer iepenset.
‘Wat in krûpers!’, ropt se fleurich.
‘Tomke, binne dy fan dy?
Sa, de krûpers yn dyn bedsje.
En ik krûp der ek noch by.’
Tomke leit noflik te sliepen.
Yana Yu leit tsjin him oan.
Mar wol tweintich koesers roppe:
‘Wekker wurde. Goeiemoarn.’
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop