Leave pake Durk

Tomke boartet mei syn fytske,
bûten yn it moaie waar.
Tring! Tring! Tring! docht de telefoan.
Kornelia praat, skrikt raar!
‘Pake Durk is bûten fallen
en syn holle docht sa sear.
De dokter sil aansten komme,
earme pake praat net mear.’
Daliks geane se derhinne.
Pake leit op bêd, hiel stil.
Dokter skoddet mei de holle,
wit net hoe’t dit komme sil.
Pake leit stil op syn bedsje.
Wyt en kâld, hiel ûngewoan.
Beppe stiet derby te gûlen:
‘Tomke, pake Durk is stoarn.’
Pake Durk krijt moaie klean oan,
wurdt dan yn in kiste lein.
Hiel foarsichtich giet de kiste
yn in grutte grize wein.
‘Wêr giet pake Durk no hinne?’
Tomke praat mei sachte stim.
‘Nei in hiele moaie keamer,
dêr passe se goed op him.’
Op in dei geane se nei pake,
hjoed sjogge se him foar ’t lêst.
Tomke hat in kleurplaat makke,
mei syn knûst hâldt er dy fêst.
Dêr leit pake yn syn kiste,
alle minsken binne stil.
Dan rint der in frou nei foaren
dy’t oer him fertelle sil.
Op de kiste stiet in foto,
want it rútsje is no ticht.
Moaie lietsjes wurde songen,
beppe lêst noch in gedicht.
Stadich glidet dan de kiste
en de doarren geane ticht.
Tomke sjocht gau nei de foto,
nei pake Durk syn gesicht.
Alle minsken krije kofje,
foar de bern is der wat fris.
Se prate noch lang oer pake,
pake Durk, dy’t der net mear is.
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop