
Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
Se binne der wer: de Lês-mar-foar-wiken! Fan 11 o/m 29 septimber wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen yn it Frysk. Foar de pjutten is der spesjaal dêrfoar wer in nij Tomke-boekje ferskynd!
Sjoch op www.lêsmarfoar.frl foar alle ynformaasje, en sjoch hjirûnder wat Tomke allegear útfynt sil yn de Lês-mar-foar-wiken. Dogge jimme ek mei?
Yn nûmer 27 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear...
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!
Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.