Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
Kenne jim Tys & Teske al? Lykas by it Tomke-projekt wurde der yn it ramt fan Tys & Teske aktiviteiten en materialen oanbean dy't soargje foar in rike Fryske taalomjouwing fan jonge bern. Nei de simmerfakânsje ferskine de nije materialen fan Tys & Teske en dy binne no alfêst te bestellen! It giet om poppen, in foarlêsboek en edukative materialen. Spesjaal foar pedagogysk professionals is der it startpakket ûntwikkele mei alle materialen. Sjoch foar alle ynformaasje oer it materiaal en it bestellen dêrfân op de webside.
Yn nûmer 29 fan it Tomke-temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes. Lês mar foar!
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!