Fryske Foarlêswike

Yn de earste folle wike fan juny is it altyd de Fryske Foarlêswike. Hûnderten foarlêzers geane yn dy wike op besite by pjutteboartersplakken, deiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-temaboekje makke, dat alle pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije.

 

26 o/m 30 oktober                                                                                              

Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober. Ek komme der dit jier gjin foarlêzers fan bûten, mar is it juf dy’t sels foarlêst út it nije Tomke-temaboekje én binne der alle dagen fia de socials fan Tomke foarlêsfideo’s te sjen. Besjoch alle fideo's op Tomke-youtube.

Ek op it Bilt en op de Stellingwerven wurdt foarlêzen út Tomke! Sjoch hjir foar alle Biltske fideo's en hjir foar alle Stellingwerfske fideo's.


De Fryske Foarlêswike

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. It ‘Selskip’ stipet de Fryske taal en kultuer en wol yn ’e mande mei de Tomke-wurkgroep it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan. Wolle jim ek meidwaan of mear witte oer de Fryske Foarlêswike? Nim dan kontakt op fia foarleswike@gmail.com of mei Geeske Frieswijk: 0513-632989.

 

 

In nij  Tomke-temaboekje: Ien, twa, los!
It nije Tomke-boekje hat as tema ‘bewege’ en hjit: ‘Ien, twa, los!’. Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga en Mirjam van Houten ha dêr moaie yllustraasjes by makke. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: fan bûltsjeblazen oant koproljen, fan sels nei skoalle fytsen oant fuotbaljen. Fansels steane der ek wer nije ferskes en opsisferskes yn it boekje en yn ’e midden stiet in grutte syk- en dochplaat oer de bistetún. Yn de Fryske foarlêswike wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten. Dan kinst thús ek noch boartsje mei it boekje. Der is ek in Biltske en Stellinwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Docht jim berne-opfang noch net mei oan de Fryske Foarlêswike, mar soene jim dat wol graach wolle? Stjoer dan in mail foar mear ynformaasje nei foarleswike@gmail.com.

 

Feest yn de byb: dûnsje of muzyk meitsje mei Tomke
Om de Fryske Foarlêswike hinne is it ek feest yn de biblioteek. Sa kinst dêr ‘Dûnsje mei Tomke’ mei dûnsjuf Willy van Assen (danswil.nl) of meidwaan oan in foarstelling fan it ‘Muziekbeestje’ fan Hinke Schwering (hetmuziekbeestje.nl). Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Ynformaasje oer plak en tiid fan de foarstellingen is te finen by jim biblioteek. Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Yn de Fryske Foarlêswike kinst it boekje ek fergees krije yn de biblioteken.

 

Nij: fergees boekje fan Keimpe de Krokodil
Yn Spoar 8, de metoade Frysk foar it basisûnderwiis, helpt Keimpe de Krokodil bern fan 4-8 jier mei harren Fryske wurdskat en it Frysk lêzen. Mar Keimpe docht mear. Hy wol, krekt as Tomke, bern (en harren âlders) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearje Tomke en Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei. Njonken it fergese Tomke-temaboekje is der dêrom dit jier ek in fergees Keimpeboekje! It alderearste Keimpeboekje hat as titel ‘Rinne mei Jep’ en is yn de Fryske Foarlêswike foar bern fan 4-8 jier fergees op te heljen by de bibleteek! Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op spoar8.frl/keimpe. Dêr fynst trouwens ek in super leuke ynteraktive sykplaat! Kinne jim alles fine?

 

Nije útstjoeringen fan Tomke op TV
Fan 26 oktober o/m 9 novimber binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje. Se geane fansels oer ‘bewege’ en binne te sjen yn it programma ‘Sokkebalje’. ‘Sokkebalje’ is alle dagen fan 6.00-9.00 oere moarns te sjen by Omrop Fryslân.