In hûs foar Harry

Fan 23 jannewaris o/m 2 febrewaris binne it wer de ‘Nationale Voorleesdagen’. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen.

It printeboek fan it jier is yn 2019 ‘Een huis voor Harry’. Spesjaal foar dy gelegenheid is it printeboek oersetten yn it Frysk. ‘In hûs foar Harry’ is û.o. te keap yn de websjop fan de Afûk.

Fansels is der ek wer in moaie lesbrief makke, mei suggestjes foar (taal)aktiviteiten om it printeboek ‘In hûs foar Harry’ hinne.

Lesbrief  'In hûs foar Harry'