Aktiviteiten en materialen

Alle produkten en aktiviteiten fan it Tomke-projekt hawwe as doel te soargjen foar in rike meartalige omjouwing, om sa de taalûntwikkeling en lêswille fan bern te stimulearjen.

Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 o/m 25 septimber 2026 binne it wer de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije foarlêsboekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra krije automatysk de boekjes besoarge foar it tal pjutten dat dêr ynskreaun stiet. Ek krije sy dêrby in lesbrief mei foarlêstips en in poster. Op www.lesmarfoar.frl fynst alle ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken, ek hoe'tst as gastâlder meidwaan kinst. Dêr kinst ek de ferspriedingslist fine. Wizigingen foar takom jier kinne jim trochjaan fia ynfo@lesmarfoar.frl.

Lês-mar-foar

Nationale Voorleesdagen

Fan 21 jannewaris o/m 1 febrewaris binne it de 'Nationale Voorleesdagen'. Yn dy perioade is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Yn de biblioteken leit der yn dizze perioade foar alle pjutten in fergees foarlêsboekje klear. Dat sil ditkear it alderearste boekje wêze fan de nije karakters, dy't ûntwikkele binne as opfolgers fan Tomke. Gau nei de byb dus!

Mei de Nationale Voorleesdagen stiet alle jierren in printeboek sintraal, dit jier is dat 'Kleine Aap' fan Mies van Hout. Dit jier is der ek in Fryske edysje fan it boek ferskynd: 'Lytse Aap'! Spesjaal foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen is by it boek in lesbrief makke, mei dêryn aardige suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne. Hjirûnder kinst de lesbrief fan dit jier downloade.

Lesbrief downloade

Tomke yn de biblioteken

Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ yn jannewaris leit yn de biblioteken foar alle pjutten in fergees foarlêsboekje klear om op te heljen. It hiele jier troch kinne âlders en opfieders by de biblioteek terjochte foar ynformaasje oer meartalich grutbringen. Bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde fan de biblioteek. Ek binne der yn de biblioteek geregeld foarstellingen te besjen. Sjoch op de webside fan jim biblioteek foar mear ynformaasje.

Tomke-boekjes

Belibje de aventoeren fan Tomke mei foarlêsboeken, rigeboekjes, knuffels en mear Tomke-guod, online te bestellen yn de Afûk websjop!

Nei de Afûk websjop

Tomke-temaboekje

Alle jierren bringt it Tomke-projekt in fergees Tomke-boekje út yn in oplage fan sa’n 30.000 eksimplaren. Yn dat boekje steane Tomke-ferhalen, opsisferskes, ferskes en spultsjes oer it tema fan dat jier (bygelyks ‘feest’ of ‘natuer’). De boekjes wurde ein augustus útdield op alle pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra yn Fryslân. De boekjes binne fan dan ôf ek te krijen by de konsultaasjeburo’s en biblioteken yn Fryslân. It Tomke-boekje ferskynt ek yn it Stellingwarfs, Bildts en Franekers.

Tomke-temaboekje besjen

Tomke-app

Op de spesjale Tomke-app kinst ferhaaltsjes lêze, ferskes belústerje, filmkes sjen en spultsjes dwaan! De Tomke-app is fergees en beskikber foar tablets en smartphones mei iOS en Android.

Downloade (Apple)
Downloade (Android)

Tomke Massaazjekaartsjes

Dizze Tomke-massaazjekaartsjes kinst thús brûke, mar ek op skoalle, by de berneopfang en op pjutteboartersplakken.
Massearje is in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid yn dyn groep en dyn gesin te kreëarjen.
Boppedat hat ûndersyk útwiisd dat bern dy’t leafdefol oanrekke wurde, better sliepe en leare, dat se har eigen grinzen en dy fan oaren better respektearje en har better bewust binne fan harren eigen liif. Bestelle kin hjir.