Wa is Tomke?

Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harrensels yn de aventoeren; se reagearje op wat se sjogge en hearre. Sa wurdt lêzen mear!

It Tomkeprojekt

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

De wurkgroep

It Tomke-projekt is in inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân. Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en Bibliotheekservice Fryslân (BSF), Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) soargje foar de promoasje en fersterking.

Oare partisipearjende organisaasjes

De Tomke-wurkgroep wurket net allinnich oan Tomke! Oare organisaasjes dy't harren dwaande hâlde mei Tomke:

Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse
Omrop Fryslân
Stichting Lezen

Finansiering

It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Jierferslach

Alle jierren wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Besjoch hjirûnder dy fan 2018.

Nei it jierferslach fan 2018

Undersiken nei Tomke

Hoe tinke âlders oer Tomke? Undersyksbureau Partoer frege de âlders fan pjutten út Fryslân nei harren ûnderfining mei en miening oer Tomke(Partoer, 2018). Lês de útkomsten fan dit ûndersyk yn de ynfographic, de gearfetting of it folsleine ûndersyksrapport.

Yn novimber 2013 is der in ynventarisaasje-ûndersyk west nei de brûkberens en it ferlet fan de Tomke materialen by bernesintra yn Fryslân (Varkevisser, 2014). Mear witte oer dit ûndersyk? Besjoch de ynfographic, lês de gearfetting of it folsleine ûndersyk.