
Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
It is wer maitiid! De earste lamkes binne der al, it sintsje skynt sa moai en de fûgeltsjes fluitsje elke moarn harren liet. Winter hiene wy dochs al net, dus lit mar komme!
Op de webside is it ek wer maitiid. Nije nifelwurkjes en ek de spultsjes binne wer oanpast oan it tema. In hiele protte ferskes - en hast alle filmkes alris sjoen? Sjoch gau by 'Tomke foar thús'!
Yn nûmer 25 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear...
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!
Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.