Tomke 25 jier: alle aktiviteiten

It is him net oan te sjen, mar Tomke bestiet dit jier 25 jier. Wa’t syn jierdei hat traktearret en dêrom binne juny en septimber Tomke-feestmoannen! Der binne yntusken alderhande feestlike nije produkten fan Tomke en boppedat organisearje wy in tal feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne. Hjirby in oersjoch fan alle aktiviteiten.

 

Fryske Foarlêswike

Yn de Fryske Foarlêswike geane alle jierren hûnderten foarlêzers op besite by pjutteboartersplakken, deiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-temaboekje makke, dat alle pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije. De Fryske Foarlêswike wurdt dit jier organisearre fan 27 septimber o/m 1 oktober, mei as tema ‘tiid’. Sa is it nei de simmer fuortendaliks alwer feest mei Tomke!

Mear ynformaasje oer de Fryske Foarlêswike

Tomkes jierdeifeestje

Tomke hie op 18 septimber dan einlik syn jierdeifeestje! Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. It wie in geweldige dei! Sjoeke fan Hippekiek fotografie hat prachtige foto's makke fan it feest. Kinst se no besjen!

Foto's jierdeifeestje

Tomke-toer

Dûnsjen, sjongen, moaie ferhalen en in draaioargel! Tomke hat yn juny mei ferskate wurkwinkels by pjutteboartersplakken, bernesintra en biblioteken 'deltoert'. Yn septimber toert Tomke nochris by in tal biblioteken del; dat wurdt grif wer in feest!

Oersjoch wurkwinkels

Tomke-skriuwwedstryd

Foar de kommende jierren wie Tomke op syk nei ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Yn maart diene wy dêrom in oprop: wa wurdt de nije skriuwer fan Tomke?

Der wiene mear as 50 dielnimmers dy't mei-inoar mear as 60 ferhaaltsjes ynstjoerden! Ut al dizze prachtige ferhaaltsjes binne twa nije Tomke-skriuwers keazen: Reina Smeink Kroodsma en Berber Spliethoff. Lokwinske! Tegearre mei Riemkje Pitstra en Geartsje Douma sille sy de Tomke-ferhaaltsjes skriuwe.

Winnende ferhaaltsjes

 

Tomke jubileumboekje: Tomke syn jierdei

Tomke kin net wachtsje oant er syn jierdei hat. Hoefolle nachtsjes sliepen is it noch oant syn feestje? En dan einliks, hiperdepyp hoeraaaa, is it safier! In prachtich ôftelboekje yn in bysûndere foarm. No te keap yn de boekhannel én as kadootsje yn de Tomke-feestkoffer!

Tomke feestkofferke foar alle pjutte- en berne-opfangplakken

Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân hat Tomke in superfeestlike traktaasje: it Tomke-feestkofferke fol leuke kadootsjes! Mei û.o. Tomke-feestflachjes, it nije Tomke-jubileumboekje, in lesbrief oer it tema feest en in dobbelspultsje foar jarige Jobs en Jetten. Mei dit fleurige feestkofferke kinne jim net allinne Tomke syn jierdei fiere, mar dêrnei ek de jierdeis fan alle pjutten. Yn fiif fan de koffers siet in gouden slúf; de eigners fan dizze kofferkes ha in machtich moai boekepakket fan ús krigen! Hat jim pjutteopfang noch net ien? Kinst it kofferke noch fergees ophelje by de Afûkwinkel!

Nije Tomke ferskes

By in feestje heart muzyk! Der binne mar leafst seis nije ferskes fan Tomke om mei te sjongen en op te dûnsjen. De ferskes binne skreaun en op muzyk setten troch Geartsje Douma, Janneke Brakels & Sytse Broersma. 

Nei de Tomke-feestferskes!

Tomke yn de biblioteek

Tomke is sljocht op ferhalen en yn de biblioteek fynt hy de moaiste boeken. Dêrom hat er dêr dit jier in ekstra moai plakje krigen! Boppedat komt Tomke yn septimber wer by in tal biblioteken del mei ferskate wurkwinkels en oare aktiviteiten. Komme jim ek?

Programma Tomke-toer

Tomke op telefyzje

Yn juny wiene der wer nije Tomke-aventoeren te sjen op Omrop Fryslân. Yn septimber binne de 18 nije Tomke-aventoeren nochris te besjen by TsjilTV op Omrop Fryslân.

Nei Omrop Fryslân