Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Tomke hat in breed oanbod oan materialen foar elk tema, sawol op papier as digitaal. Sa kinsto bern ek op it pjutteboartersplak of bernesintrum in moaie basis foar meartaligens biede.
De aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne.
Al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend wurdt oan ’e hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by de Nederlânske metoaden ‘Uk en Puk’ en ‘Piramide’.
De map is foar pjutteboartersplakken en bernesintra en bestiet út 12 temaboekjes, praatplaten by de tema’s, in cd mei Tomke-ferskes, deiritmekaarten en fansels in hantlieding. Wa’t de map bestelt, kin dy fergees ophelje by de Afûk boek- en kadowinkel. De map kin ek opstjoerd wurde, dan binne de kosten € 10 it pakket.
Yn de 'Tomketeek' binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema's is foar liedsters/gastâlders in grut ferskaat oan Fryske materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opfang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, filmkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Freegje fergees dyn ynlochkoade oan fia ynfo@tomke.nl. Fermeld dyn namme en kontaktgegevens en de namme fan it pjutteboartersplak dêr'tsto wurkest. Do krijst dyn ynlochgegevens dan oer de mail, sadatst daliks oan 'e slach kinst mei de Tomketeek!
Trije kear yn it jier ferskynt der in papieren Tomke-nijsbrief mei ynformaasje oer aktiviteiten, nije materialen en oare nijtsjes op it mêd fan it Tomke-projekt. De nijsbrief wurdt ferstjoerd nei alle bernesintra yn Fryslân en is ek te krijen yn de biblioteek. Krije jim de nijsbrief op jim bernesintrum noch net?
Wolsto mear witte oer de twa- of meartalige ûntwikkeling fan bern en hoe't jim dy ûntwikkeling op de pjutte-opfang sa goed mooglik begeliede kinne? De Tomke-wurkgroep fersoarget workshops 'meartaligens by it jonge bern'.