Tomke en it kado

Tomke seit: 'It Is hast poes har jierdei,
poes moat in kadootsje ha.'
Wa gean mei him nei de winkel?
Romke en Kornelia.
Wat sil' se dêr foar har keapje?
Sykjend gean se 't guod bydel.
Romke wiist al nei in baltsje.
Tomke sjocht nei 't klimtastel.
'Nee,' seit Tomke, 'net in baltsje,
en 't klimtastel dat is te grut.
Sjochst dat mûske oan in toutsje?
Sjochst dat strikje foar har sturt?'
Kornelia sjocht in moai kuorke.
'In prachtich bêd foar poeske Jel.
Is dat net in moai kadootsje?'
'Ja, dat dogg' we!' ropt it stel.
't Kuorke komt yn in kreas doaske,
ynpakt yn kadopapier.
Fleurich rinne se nei hûs ta,
gelokkich is it net sa fier.
'Poeske Jel, hjir is dyn pakje.'
Jeltsje pakt it daalk út.
'Tankewol,' ropt bliid it poeske,
jout se allegear in tút.
'No in feestje méi in taartsje!'
Romke stiet mei 't pantsje klear.
Lekker drinke en wat snobje,
sjonge, dûnsje, folle mear.
As se jûns dan sliepe sille,
leit poes Jel net yn har koer.
Nergens kinne se har fine,
och dy Tomke gûlt der oer.
Romke, speurend mei syn noaske
snúft en snuffelt oer de grûn.
Nei in skoftke blaft it hûntsje.
Romke hat poes Jel al fûn!
Mar wêr lei se dan te sliepen?
Net yn 't kuorke leit poes Jel.
De doerak joech har samar
yn it kreaze doaske del!
'Dat is ek wat!' laket Romke.
Tomke sjocht in bytsje soer.
'Sjoch ris,' blaft 't bliere hûntsje,
en krûpt sels yn de kattekoer!
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop