Dûnsjen, sjongen en moaie ferhalen! Yn septimber 'toert' Tomke wer troch Fryslân mei ferskate foarstellingen. Hjirûnder in foarpriuwke fan de foarstellingen. Dat it feest wurdt is wis!
Tomke hat hjoed, lykas Kornelia, gjin sin om him oan te klaaien.
Dêrom ha sy in pyamadei, dy't úteinlik op in feestje útrint!
Tomke hopet dat der in protte bern op syn pyamafeestje komme.
Wy sille muzyk meitsje, sjonge en dûnsje.
En ast it leuk fynst, meist yn pyama komme!
'Tomke syn pyamadei' is in foarstelling fan skriuwster Geartsje Douma.
It is hjoed in prachtige dei! Witsto wat Tomke en syn buorfamke Yana Yu dwaan sille? Sy sille op bearejacht! It is in spannende tocht by de rivier lâns, troch de modder en troch de stoarm. Giest mei op jacht?
Wij geane hjoed op bearejachtTomke toert mei boppensteande foarstellingen by de biblioteken del. Wolst mei dyn pjut nei in foarstelling? Sjoch hjir foar it programma!
Dat kin! Foar mear ynformaasje en it meitsjen fan in reservearring stjoerst in mailtsje nei ynfo@tomke.frl.