Tomke en Swarte Pyt

Tomke sjongt in hiel moai ferske.
Want fannacht komt Sinteklaas.
Soe hy wol in pakje krije
út de sek fan Piterbaas?
Tomke ropt: 'Ik set myn skuontsje.'
Romke blaf: 'Dat wol ik ek.'
En hy draaft hurd nei syn kuorke.
Nimt syn kleedsje yn 'e bek.
'Sjoch, ik ha twa grouwe woartels,'
laket blier Kornelia.
'Ien yn 't skuontsje, in op 't kleedsje.
Want dy moat i hynder ha.'
It is nach en al hiel tsjuster.
Tomke dreamt fan Sinteklaas.
En fan sûkeladeletters
út de sek fan Piterbaas.
Swarte Pyt sjocht op syn briefke,
hijr is 't hûs fan Tomke al!
Wat hat hy ek al wer frege,
wie 't in trein of wie 't in bal?
Súntsjes slûpt hy troch de keamer.
O, wat is dy sek dochs swier!
Kalm oan, earst efkes sitte,
plof, ik set him op 'e flier.
Mar ynienen moat er pisje,
draaft gau nei it húske ta.
Wibel, wibel. 'Toe no knoopke,
'k wol gjin wiete boksen ha!'
Romke snoarket yn syn kuorke.
Skrikt ynien. Wat is dat?
Heart er wat? Wat soe dat wêze?
Is 't in dief of is 't in kat?
'Mmm, wat rûk ik? Pipernuten!!?'
't Hûntsje dûkt gau yn 'e sek.
En syn lytse brune sturtsje
stekt troch 't gatsje, dat is gek!
Swarte Pyt is klear mei pisjen,
sa, hy nimt de sek wer mei.
Romke raast: 'Ik wol net nei Spanje!
Ik wol der út! Toe, lit my frij!'
Swarte Pyt skrikt earst in bytsje
fan dy bleke hûnesnút.
Mei Kornelia en Tomke
lûkt hy Romke der gau wer út!
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop